Wapen fan Mantgum
Appearance

It wapen fan Mantgum is it wapen fan it doarp Mantgum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in op trochsnijingsline swimmende swan mei opslaande wjukken fan sulver, yn it skyldhaad beselskippe fan in gouden seispuntige stjer; in weagjende blauwe skyldfoet, belein mei in sulveren leelje.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, goud en azuer (blau).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Seispuntige stjer: saneamde "haadstjer", Mantgum wie it haadplak fan Baarderadiel.
- Kleurstelling: ek in ferwizing nei Mantgum as haadplak.
- Swan: ferwiist nei it Swannerjocht dat ferbûn wie oan de state Hokswier.
- Weagjende skyldfoet: ferwiist nei de Middelsee dêr't it doarp by leit.
- Leelje: oernommen út it wapen fan Hokswier.