Wapen fan Lytsewierrum
Appearance

It wapen fan Lytsewierrum is it wapen fan it doarp Lytsewierrum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Fan goud, mei in griene skyldfoet, belein mei in gouden nôtskeaf; yn it goud in, op de trochsnijingsline hielendal rjochts rinnende, swarte mûs, beselskippe fan in, út de lofter skyldrâne útkommende, jeiende swarte kat; in gouden skyldhaad, belein mei trije inoar en de skyldrânen oanstjittende reade trjiehoeken, mei de basis op de trochsnijingsline en mei de punt de bopperâne fan it skyld reitsjende.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), sabel (swart) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Kat en mûs: ferwiist nei Gertrudis fan Nijvel, patroanhillige fan de Gertruditsjerke fan Lytsewierrum. Sy is beskermhillige fan túngriente en katten waarden oproppen by in mûzepleach.
- Nôtskeaf: oernommen út it wapen fan de famylje Rheen.
- Trijehoeken: ferwiist nei de buorskip Greate Wierrum, dy't yn de himrik fan Lytsewierrum leit.