Wapen fan Leons
Appearance

It wapen fan Leons is it wapen fan it doarp Leons, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in gouden nôtskeaf; in sulveren skyldseame, belein mei seis griene klavers, pleatst 3:2:1.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud, sulver en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skyldseame mei klavers: ferwiist nei de greiden en de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp.
- Nôtskeaf: oernommen út it wapen fan de famylje Siccama dy't de Siccamastate by it doarp bewenne.