Springe nei ynhâld

Wapen fan Langwar

Ut Wikipedy
Wapen fan Langwar

It wapen fan Langwar is it wapen fan it doarp Langwar, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1991 registrearre.

It wapen fan Langwar is oernommen fan de wynwizer op de koer fan de Herfoarme Tsjerke fan Langwar. De wynwizer toant ien swan boppe en twa swannen ûnder. It kin in famyljewapen wêze fan in famylje fan ien fan de 12 pleatsen yn de himrik fan Langwar. Al dizze pleatsen hien nammelik it Swannerjocht. It wapen wie ek oanwêzich op in úthingboerd fan de pleatslike herberch "De Drie Zwaantjes". Dêrneist is it wapen oanwêzich yn de flagge fan de sylferiening yn Langwar. In swan wurdt ek fiere yn it syl fan it skûtsje "Ut 'e Striid". Hoewol't der ek in fariant fan it wapen is mei in blau fjild, is der keazen foar in grien fjild. It grien is fêststeld yn ferbân mei it foarkommen fan fivers by staten mei eilannen foar swannen. Ek de kroan dy't oanwêzich is op de wynwizer fan de tsjerke is weilitten omdat Langwar gjin flekke is.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sinopel in fersmelde weagjende dwersbalke, boppe beseslkippe fan twa en ûnder fan ien stappende swan, mei de flerken omheech, alles fan sulver, de swan yn de rjochteboppehoeke omdraaid.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien) en sulver.