Springe nei ynhâld

Wapen fan Lúnbert

Ut Wikipedy
Wapen fan Lúnbert

It wapen fan Lúnbert is it wapen fan it doarp Lúnbert, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2000 registrearre.

Lúnbert is ien fan de Fryske plakken dêr't it âld wapen fan oerlevere is. It wapen komt fan in nachtmielsbeker fan de Aenjewierder Tsjerke fan Tsjalbert. Dy beker komt út de 17e iuw. Om't de wapens siswizen yn it Latyn befetsje, kin de skriuwer mooglik in geastlike wêze. De beammen yn it wapen komme in soad foar yn de lânstreek Sânwâlden. Hoewol't it wapen al langer bekend wie waard it yn 2000 offisjeel registrearre op inisjatyf fan Pleatslik Belang.

De blazoenearring fan it wapen is:

Dield: I. yn sulver in toarre beam op in grûn, alles fan grien; II. yn goud in beam op in grûn, alles fan grien. Wapenspreuk: op in grien lint yn giele kapitalen: "Regeneratio" (Werberte).

De heraldyske kleuren binne: sulver, sinopel (grien) en goud.