Springe nei ynhâld

Wapen fan Lúkswâld

Ut Wikipedy
Wapen fan Lúkswâld

It wapen fan Lúkwâld is it wapen fan it doarp Lúkswâld, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1999 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Fan goud, omkeard mei in mantel fan blau; it blau belein mei in oansjende sulveren oksekop; it goud belein mei twa elzetûken, beide mei twa blêden en trije swarte proppen, de takken yn de skyldfoet beseslkippe fan in swarte turf.

De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau), sulver en sabel (swart).

  • Oksekop: ferwiist nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp en nei de evangelist Lukas, nei wa't it doarp neamd wêze soe.
  • Blau fjild: as trijehoek sjen litten omdat it doarp ek wol "Lúksterhoeke" neamd wurdt.
  • Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
  • Elzetûken: ferwiist nei it diel "wâld" yn de plaknamme.
  • Turf: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.