Wapen fan Koartehimmen
Appearance

It wapen fan Koartehimmen is it wapen fan it doarp Koartehimmen, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2013 reigstrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn grien in gouden maiskolf, lofts en rjochts beselskippe fan in gouden peal; in weage skyldhaad fan read, belein mei in sulveren kearûb-ingelkopke tusken twa wjukken.
De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud, kiel (read) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden peallen: symboal foar de twa kearnen fan it doarp: de boerestreek en Sânbuorren.
- Kearûb-ingelkopke mei wjukken: oernommen út it gevelstien yn de Tsjerke fan Koartehimmen.
- Maiskolf: mais is de moderne tsjinhinger fan de rogge dy't dêr eartiidsk ferboud waard.
- Grien fjild: ferwiist nei de greiden en it bosk yn de omkriten fan it doarp.
- Read skyldhaad: ferwiist nei de bebouwing fan it doarp. De weagjende râne is in ferwizing nei it rivierke de Drait.
- Kearûb-ingelkopke mei wjukken yn de gevelstien yn de Tsjerke fan Koartehimmen.