Springe nei ynhâld

Wapen fan Kûbaard

Ut Wikipedy
Wapen fan Kûbaard

It wapen fan Kûbaard is it wapen fan it doarp Kûbaard, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Skeane fan grien en read, mei oar alles hinne in fersmelle skeanbalke fan goud; yn it grien in útkommend, omkeard springend hynder fan sulver en it read belein mei in sulveren roas.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), kiel (read), goud en sulver.

  • Skeanbalke: ferwiist nei de Slachte dêr't it doarp by leit.
  • Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Hynder: ferwiist nei de feehâlderij yn de omrkriten fan it doarp. Dêrneist ferwiist it hynder nei it konkoers hippyk dat hjir jierliks organisearre wurdt.
  • Roas: ferwiist nei de poëzy fan dichteres Petronella Moens, fan Kûbaard.
  • Read fjild: ferwiist nei de leafde foar taal.