Wapen fan Jirnsum
Appearance

It wapen fan Jirnsum is it wapen fan it doarp Jirnsum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read in sulveren dwersbalke mei slaggen deryn, belein mei in blau klaver- of Mauritiuskrús. As basis hat it wapen fan Raerderhim tsjinne, mei op de dwersbalke it teken fan de hillige oan hwa't de Jirnsumer tsjerke tawijd wie.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Read fjild en sulveren balke: oernommen út it wapen fan Raerderhim, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Mauritiuskrús: symboal foar Mauritius, patroanhillige fan Mauritiustsjerke fan Jirnsum.