Springe nei ynhâld

Wapen fan Itens

Ut Wikipedy
Wapen fan Itens

It wapen fan Itens is it wapen fan it doarp Itens, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Loftsskeane: I. yn read in út de dielline útkommend springend hynder fan sulver; II. yn blau in sulveren lofterskeanbalke.

De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en azuer (blau).

  • Yndieling skyld: ferwiist nei de patroanhillige fan de Martinytsjerke fan Itens, Martinus fan Toers. Hy snijde syn mantel troch de helte en joech de iene helte oan in bidler.
  • Hynder: ferwiist nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp. Dêrneist is it hynder ek oernommen út it wapen fan de famylje Stapert dy't in buorkerij yn it doarp bewenne.
  • Blau fjild: oernommen út it wapen fan de eardere gemeenten Hinnaarderadiel en Littenseradiel dêr't Itens part fan wie.
  • Skeanbalke: ferwiist nei de lizzing fan it doarp oan de Slachte.