Wapen fan Ikkerwâld
Appearance

It wapen fan Ikkerwâld is it wapen fan it eardere doarp (no part fan Damwâld) Ikkerwâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen wurdt no brûkt troch de de Feriening fan Doarpsbelangen wyk Ikkerwâld. It wapen waard yn 1999 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in ferhege griene skyldfoet, belein mei in goudene opbûgde skyldfoet, oerlein mei twa lizzende rogge-ieren, de boppeste mei de stal nei lofts, de ûnderste mei de stal nei rjochts; yn it goud steande op de snijline trije reade boargen, iepene en ferlichte fan it fjild, de rjochter boarch toppe troch in grien elzeblêd.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Trije boarchen: stie foar de trije eardere doarp dy't Damwâld foarmje: Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld.
- Elzeblêd: jout oan dat Ikkerwâld it meast westlik lizzende doarp wie. Ek ferwiist it blêd nei it diel "wâld" yn de plaknamme.
- Gouden skyldfoet: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op leit.
- Rogge-ieren: ferwize nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.