Wapen fan Idaerd
Appearance

It wapen fan Idaerd is it wapen fan it doarp Idaerd, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnijd: I. yn sulver twa reade roazen; II. yn blau in sulveren swan dy't swimt, in reade snaffel en swarte knobbel.
De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read), azuer (blau) en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Roazen: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Scheltinga. Dizze famylje bewenne de Friesmastate by it doarp.
- Swan: oernommen út it wapen fan de famylje Friesma, de famylje dêr't de Friesmastate syn namme oan te tanken hat.
-
Wapen fan de famylje Fan Scheltinga.