Wapen fan Hitsum
Appearance

It wapen fan Hitsum is it wapen fan it doarp Hitsum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2016 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trepfoarmich trochsnien: A. dield: 1. yn blau in omwende ôfskuorde ielreagerkop fan sulver mei swarte eachstreek; 2. yn read in ôfskuorde ielreagerkop fan sulver mei swarte eachstreek; B. yn goud in griene silearre útskuorde prommebeam, mei tsien pearse fruchten.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, sabel (swart), kiel (read), goud, sinopel (grien) en poarper (pears).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Trepfoarmige yndieling: ferwiist nei de Roordastate yn it doarp.
- Kleurstelling: oernommen út de kleuren fan de pleatslike keatsferiening. It goud ferwiist ek nei de Roordastate.
- Ielreagerkoppen: ferwize nei de grutte ielreagerkoloanje dy't oanwêzich is yn de omkriten fan it doarp.
- Prommebeam: oernommen út it logo fan it doarpsbelang en symboal foar de hôven yn de omkriten fan it doarp.