Springe nei ynhâld

Wapen fan Himpens

Ut Wikipedy
Wapen fan Himpens

It wapen fan Himpens is it wapen fan it doarp Himpens, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1994 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn goud in wulvige brêge fan kiel, kommend út in weagjende skyldfoet, weagjende dwersbalke fan azuer en sulver fan fjouwer stikken, op en boppe de brêge twa ôfkearde oksehoarnen fan it ien yn it oare.

De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), azuer (blau) en sulver.

  • Brêge mei hoarnen: symboal foar de Oksenaarsbrêge yn Himpens.
  • Weagjende skyldfoet: ferwiist nei de Himpensermar dêr't yn 1935 anabaptisten ferdronken waarden om harren leauwe.