Wapen fan Hijum
Appearance

It wapen fan Hijum is it wapen fan it doarp Hijum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1996 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud en út de skyldfoet riizjende terp fan sinopel, belein mei trije prinsjes fan goud, pleatst 2 en 1, boppe in lizzende wassenaar fan sulver; de terp fan boppe beselskippe fan twa opspringende kikkerts fan sinopel.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), kiel (read) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Terp: ferwiist nei de plaknamme dat safolle betsjut as "troch wetter omspield lân".
- Wassenaar: oernommen út it wapen fan de famylje Aebinga van Humalda dy't by it doarp stins bewenne. Ek ferwiist de wassenaar nei it Kleaster Mariëngaard noardwestlik fan Hijum.
- Trije peinjes: symboal fan Nikolaas fan Myra, patroanhillige fan de Nikolaastsjerke fan Hijum.
- Kikkerts: ferwizing nei de skelnamme fan de ynwenners fan Hijum, "kikkerts".
- It wapen fan de famylje Aebinga fan Humalda.