Springe nei ynhâld

Wapen fan Haskerhoarne

Ut Wikipedy
Wapen fan Haskerhoarne

It wapen fan Haskerhoarne is it wapen fan it doarp Haskerhoarne, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 2007 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnien fan sulver en goud, mei oer de trochsnijingsline in reade fersmelle balke, boppe beselskippe fan in springende hazze en in swimmende ein, alles fan read en ûnder fan twa griene ikeblêden, pleatst as in omkearde keper.

De heraldyske kleuren binne: sulver, goud, kiel (read) en sinopel (grien).

  • Reade hazze: sprekkend diel fan it wapen, ferwiist nei de plaknamme Haskerhoarne. It diel "hasker" ferwiist nei hazze.
  • Reade ein: ferwiist nei de einekoai yn de eardere buorskip (no wenwyk fan De Jouwer) Wyldehoarne.
  • Reade balke: ferbyldet de Jousterwei dy't troch it doarp rint.
  • Ikeblêden: ferwize nei de bosken yn de omkriten fan it doarp.
  • Sulveren fjild: de kleur is keazen om in ienheid te meitsjen mei it wapen fan Aldehaske.
  • Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.