Springe nei ynhâld

Wapen fan Hartwert

Ut Wikipedy
Wapen fan Hartwert

It wapen fan Hartwert is it wapen fan it doarp Hartwert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau in ferkoart sulveren krús, biladen mei in read hart yn'e krusing, mei in gouden leelje yn elk fan'e kertieren.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, kiel (read) en goud.

  • Krús: stiet foar it kleaster Blomkamp dat tichtby it doarp stie.
  • Hert: ferwiist nei de funksje fan it doarp as moetingsplak fan de deputearren fan Westergoa.
  • Leelje: oernommen út it wapen fan de sistersjinzers, de oarde fan it kleaster Blomkamp.