Springe nei ynhâld

Wapen fan Húns

Ut Wikipedy
Wapen fan Húns

It wapen fan Húns is it wapen fan it doarp Húns, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 2001 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver twa lizzende reade stiennen, neist inoar pleatst, boppe en ûnder beselskippe fan in reade dakpanne; yn griene skyldseame, belein mei seis sulveren klavers, pleatst 3:2:1.

De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read) en sinopel (grien).

  • Skyldseame mei klavers: ferwiist nei it agraryske karakter en de greiden yn de omkriten fan it doarp.
  • Stiennen en dakpannen: ferwiist nei de stienbakkerij dy't oan de Boalserter Feart lei. De brêge oer de Boalserter Feart hyt dan ek de Panwurksbrêge.