Springe nei ynhâld

Wapen fan Gytsjerk

Ut Wikipedy
Wapen fan Gytsjerk

It wapen fan Gytsjerk is it wapen fan it doarp Gytsjerk, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

In skyld fan goud, mei in read skyldhaad; it skyld belein mei trije peallen, fan it ien yn it oar; oer alles hinne in út de grûn skuorde beam fan grien.

De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read) en sinopel (grien).

  • Ferspringende stroken: ferwize nei de stroken grûn mei beamwâlen yn de Fryske Wâlden. It boppeste diel fan it skyld ferwiist nei de ikkerbou en it ûnderste diel ferwiist nei de greiden.
  • Reade flakken: ferwize nei de bebouwing fan it doarp.
  • Gouden flakken: ferwize nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.