Wapen fan Grou
![]() Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|

It wapen fan Grou is it wapen fan de flecke Grou, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 1983 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Grou is ien fan de Fryske plakken dêr't in âld wapen fan oerlevere is. It wapen komt yn ferskate foarmen foar. Sa is der in ferzje mei in skeanbalke dy't de fisken skiedet, wêrby't de fisken ek skean swimme. Op in fariant út 1741 swimme beide fisken nei heraldysk rjochts. Op in wapen út 1796 waarden de fisken ôfbylde sa as yn 1741. It wapen út 1776 foarme de basis fan it hjoeddeiske wapen. De fisken út it wapen binne ûnder mear ferwurke yn ornaminten fan it eardere riedhûs fan Idaerderadiel.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau twa swimmende gouden fisken, de ûnderste omkeard; it skyld dutsen mei in kroan fan trije blêden en twa pearels; yn de holbân fan de kroan trije rútfoarmige reade stiennen en twa aairûne griene stiennen.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau) en goud. It skyld wurdt bedutsen mei in saneamde "fleckekroan".
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blauwe êftergrûn: ferwiist nei de wetterrike omkriten fan Grou.
- Fisken: ferwize nei de fiskerij fanút it plak.
- Kroan: it wapen wurdt bedutsen troch in saneamde "fleckekroan". Foarbehâlden oan doarpen mei stedske skaaimerken: Flekke. Sa wie de Sint-Pitertsjerke fan Grou in saneamde seendtsjerke. Dêrneist hie Grou in waach en waarden der feemerken hâlden.