Springe nei ynhâld

Wapen fan Gersleat-Polder

Ut Wikipedy
Wapen fan Gerlseat-Polder

It wapen fan Gersleat-Polder is it wapen fan it doarp Gersleat-Polder, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn 2008 registrearre.

Omdat Gersleat-Polder allinnich troch de gemeente It Hearrenfean erkend wurdt as doarp, is it wapen net as doarpswapen registrearre mar as korporaasjewapen.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn grien in sulveren hynder, dravend op in skyldfoet, skake fan lizzende blokken fan swarte en sulver, yn 5 rigen fan 4 blokken, it hynder yn de lofterboppehoeke beselskippe fan in gouden klaver.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, sabel (swart) en goud.

  • Grien fjild: ferwiist nei de polder dêr't Gersleat-Polder yn leit.
  • Hynder: oernommen út it wapen fan Gersleat. Om't in read hynder op in grien fjild net heraldysk korrekt is, is der keazen foar in sulveren hinder.
  • Blokt fjild: oernommen út it wapen fan Polder fan it Fjirde en Fyfde Feandistrikt. It swart ferwiist nei it fean en it sulver nei it wetter dat ûntstien is troch de feanterij.
  • Gouden klaverblêd: ferwiist nei de greiden. De gouden kleur stiet foar de hynsteblommen en bûterblommen dy't yn de simmer de polder giel kleurje litte.