Springe nei ynhâld

Wapen fan Gersleat

Ut Wikipedy
Wapen fan Gersleat

It wapen fan Gersleat is it wapen fan it doarp Gersleat, yn de Fryske gemeente It Hearrenfean. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2000 registrearre.

It wapen komt fan in jûnsmielbeker fan de Aenjewierder Tsjerke. Dizze beker komt út de 17e iuw. Om't de wapens siswizen yn it Latyn befetsje, kin de skriuwer mooglik in geastlike wêze. De beammen yn it wapen komme nei alle gedachten út it wapen fan Aenjewier. Hoewol't it wapen al in skoft bekend wie, waard it yn 2000 offisjeel registrearre op inisjatyf fan pleatslik belang.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sulver twa beammen op in grûn, alles fan grien; by de beammen fjouwer reade rinnende hynders (1 en 3); wêrby't it meast rjochtse hynder heal efter de beam wei komt, de twa middelste hynders boppe mekoar tusken de beammen stiet en it meast linkse hynder links fan de beam draaft; de trije hynders op in rige. Wapenspreuk: op in grien lint in wite kapitalen: "Concordia" (Iendracht).

De heraldyske kleuren binne: sulver, sinopel (grien) en kiel (read).