Springe nei ynhâld

Wapen fan Garyp

Ut Wikipedy
Wapen fan Garyp

It wapen fan Garyp is it wapen fan it doarp Garyp, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn grien in reade peal mei in sulveren seam; yn it skyldhaad trije puntige gouden ruten nêst elkoar; yn'e skyldfoet in krús mei brede gouden earms oant yn de wite seam.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), kiel (read), sulver en goud.

  • Griene fjilden: ferwize nei it bosk yn de omkriten fan it doarp.
  • Sulveren seamen: ferwize nei it wetter yn de omkriten fan it doarp.
  • Reade peal: ferwiist nei de plaknamme dy't bestiet út "ga" (doarp of doarpsgebiet) en "ryp" (lânstrook). De reade peal ferwiist nei de himrik fan it doarp.
  • Gouden ruten: ferwize nei de rjochtsspraak. Achter de koer fan de Petrustsjerke fan Garyp leit in balstien dêr't nei alle gedachten de doarpsrjochter op siet wannear't hy spruts.
  • Gouden krús: ferwiist nei it kleaster dat oant 1580 by it doarp yn de buorskip Sigerswâld stie.