Wapen fan Fryske Peallen
Appearance

It wapen fan Fryske Peallen is it wapen fan it doarp Fryske Peallen, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Omkeard kepersgewiis trochsnijd troch in skâns fan sinopel: I. yn azuer twa peallen fan sulver, belein mei pompeblêden fan kiel; II, peallen fan goud en kiel fan 10 stikken.
De heraldyske kleuren binne: sinople (grien), azuer (blau), sulver, kiel (read) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Boppeste peallen: ferbyldet de Fryske flagge as peallen. Dit makket it wapen sprekkend.
- Griene skânsdwinger: ferwiist nei de skâns dy't yn 1593 yn opdracht fan Willem Loadewyk fan Nassau-Dillenburg oanlein waard.
- Underste peallen: oernommen út it wapen fan Aragon, symboal foar Spanje as tsjinstanner yn de Tachtichjierrige Oarloch.
- Wapen fan Aragon