Wapen fan Froubuorren
Appearance

It wapen fan Froubuorren (Biltsk: wapen fan Froubuurt) is it wapen fan it doarp Froubuorren, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2010 registrearre.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It wapen fan Froubuorren is oerlevere yn in rymke: "Twee beschilderde luren, is 't wapen fan Frouburen". It ûntwerp komt út 2000, mar waard yn 2010 troch in doarp keazen.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn read twa sulveren fjouwerkanten neist elkoar, elts fjouwerkant belein mei in lytser swart fjouwerkant, de fjouwerkanten fan ûnderen beselskippe fan in gouden leelje.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver, sabel (swart) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Fjouwerkanten: oernommen út it rymke oer it wapen.
- Reade skyldkleur: oernommen fan de flagge fan Alde Leie.
- Leelje: ferwiist nei de plaknamme "(Leafe) Froubuorren". De leelje is symboal foar Marije.