Wapen fan Feanwâlden
Appearance

It wapen fan Feanwâlden is it wapen fan it doarp Feanwâlden, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1990 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in toer fan kiel, mei in dak fan azuer, mei in sletten poarte en fiif finsters, yn de boppeste skyldhoeken beselskippe fan in elzenblêd fan sinopel; en in skyldfoet skake fan sulver en sabel fan fiif rijen fan sân balken.
De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read), azuer (blau), sinopel (grien), sulver en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skyldfoet: de skake skyldfoet ferwiist nei de oanwêzigens fan fean yn de omkriten fan it doarp.
- Elzeblêdden: ferize nei de lizzing fan it doarp yn de Fryske Wâlden. It oantal twa stiet foar de eardere doarpen Eslawâld en Sint-Jehanneswâld, wêr út Feanwâlden ûntstien is.
- Stins: ferbyldet de Skierstins yn it doarp.
- Kleurstelling: oernommen út it wapen fan Dantumadiel.