Wapen fan Easterwierrum
Appearance

It wapen fan Easterwierrum is it wapen fan it doarp Easterwierrum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1995 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn azuer in toer fan goud, mei knikte spits, mei twa galmgatten boppe yn de toer, en in smel finster healwei, steande op in terp fan sinopel, belein mei trije peinjes fan goud, pleatst 2 en 1; de toer oan beide siden beselskippe fan in hynstekop mei ôfhingjende moannen, alles fan goud, de rjochter omdraaid.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Toer op terp: ferwiist nei de Toer fan Easterwierrum.
- Hynsterhollen: ferwize nei de hynstemerk fan Easterwierrum.
- Trije peinjes: ferwize ek nei de hynstemerk fan Easterwierrum.