Springe nei ynhâld

Wapen fan Eastersee

Ut Wikipedy
Wapen fan Eastersee

It wapen fan Eastersee is it wapen fan it doarp Eastersee, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn 2006 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn fjouweren: I. yn goud in griene klaver; II. yn blau twa sulveren fisken, de ûnderste omkeard; III. yn blau trije weagjende sulveren dwersbalken; IV. yn sulver trije turven, pleatst 1 en 2.

De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), azuer (blau), sulver en sabel (swart).

  • Klaverblêd: ferwiist nei de lânbou yn de omkriten fan it doarp.
  • Fisken: ferwiist nei de fiskerij fanút it doarp.
  • Weagjende sulveren dwersbalken: ferwize nei it wetter yn de omkriten fan it doarp. Ek is it in ferwizing nei de plaknamme "Eastersee".
  • Trije turven: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
  • Gouden en sulveren fjilden: ferwizing nei de ynkomsten dy't de ynwenners krigen út it wetter en de grûn.