Wapen fan Eastermar
Appearance

It wapen fan Eastermar is it wapen fan it doarp Eastermar, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsnien: 1. yn blau in farrend Frysk skouke mei spriettúch fan sulver; 2. dield: a. yn goud in stegerjend hynder fan swart; b. yn grien trije turven fan goud, pleatst 2:1.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, goud, sabel (swart) en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Frysk skouke: ferwiist nei de skipfeart op it Burgumer Mar en de oanwêzichheid fan skipswerven.
- Hynder: stiet foar de pleatslike hyndermerk.
- Turven: stiet symboal foar de feanterij yn de omkriten fan it Swartfean en It Wytfean.