Springe nei ynhâld

Wapen fan Ealahuzen

Ut Wikipedy
Wapen fan Ealahuzen

It wapen fan Ealahuzen it it wapen fan it doarp Ealahuzen, yn de Fryske gemeente De Fryske Marren. It wapen waard yn syn hjoeddeiske foarm yn 2002 registrearre.

It wapen wie al bekend fan in úthingboerd fan in pleatslike herberch dy't ôfbaarnde yn 1921. It wapen komt foar yn ferskate foarmen mei oare seilen en de moanne en sinne omkeard. Ek wurdt it wapen bedekt troch in kroan. Doe't de doarpen Ealahuzen en Nijegea yn 1967 gearfoege waarden, waard it wapen fan Ealahuzen ûntbleate. It wapen waard yn 2002 definityf fêststeld. Om't der noch gjin belangstelling wie foar in doarpsflagge is er noch net ûntwUrpen.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn blau in op in weagjende griene skyldfoet farrend kofskip fan sulver mei syl en wimpel: it skip yn de skyldhoeken oan de rjochterkant beselskippe fan in gouden sinne en oan de lofter kant fan in swaaide sulveren heale moanne.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sinopel (grien), sulver en goud.

  • Skip: ferwiist nei de skipfeart. Ferskate ynwenners fan Ealahuzen farden op keapfardijskippen út Hylpen en hien ferskate ynwenners oandielen yn de skipfeart.
  • Moanne en sinne: ferbyldzje hoe swier it libben wie as seeman. Hja moasten dei en nacht farre.