Wapen fan Eagum
Appearance

It wapen fan Eagum is it wapen fan it doarp Eagum, yn de Fryske gemeente Ljouwert. It wapen waard yn 1986 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn sulver in read pompeblêd mei in grien skyldhaad, dêryn trije gouden hoannepoaten mei fearren.
De heraldyske kleuren binne: sulver, kiel (read), sinopel (grien) en goud.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Pompeblêd en hoannepoaten: ferwizen nei de ynterpretaasje fan Eagum as sintrum fan de provinsje Fryslân. Dit middenpunt soe trije hoannestappen fan de Nikolaastoer fan Eagum lizze.