Wapen fan Droegeham
Appearance

It wapen fan Droegeham is it wapen fan it doarp Droegeham, yn de Fryske gemeente Achtkarspelen. It wapen waard yn 2000 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in gouden punt, belein mei in griene beam, steande op in griene grûn; de stam oan beide siden beselskippe fan in read fleske; de beam yn de krún belein mei in gouden kroan mei trije blêden; de gouden punt oan de rjochterside beselskippe fan in klok en oan de linkerside fan in oansjende kowekop, beide fan goud.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden punt: ferwizing nei de lizzing fan Droegeham op in drûge sântonge (ham).
- Beam: symboal foar de brink dy't yn it doarp lei.
- Reade fleskes: attributen fan de hillige Walburga, patroanhillige fan de peatslike Walburgatsjerke.
- Kroan: ek in atrribút fan de hillige Walburga.
- Klok: ferwiist nei it eardere Buwekleaster eastlik fan it doarp dêr't no in klokhûs stiet.
- Kowekop: symboal foar in saneamde "Droegehamster", in koweras.