Springe nei ynhâld

Wapen fan Driezum

Ut Wikipedy
Wapen fan Driezum

It wapen fan Driezum is it wapen fan it doarp Driezum, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1999 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn grien fjouwer woartels yn natuerlike kleuren, pleatst folgens in krús, mei de punten nei mekoar ta, yn it earste kertier beselskippe troch in roas fan sulver, punten en knop fan goud; in skyldseam trochsnijd fan swart en goud.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, goud en sabel (sabel).

  • Grien fjild: ferwiist nei de greiden en de houtwâllen yn de omkriten fan it doarp.
  • Skyldseam: ferbyldet de oergong fan sângrûn nei klaaigrûn.
  • Woartels: ferwize nei de woarteltielt yn it doarp. It getal fjouwer ferwiist nei de fjouwer wegen dy't yn it doarp by mekoar komme: Kolkensloane, Van Sytzamawei, Foarwei en Achterwei.
  • Roas: oernommen út it wapen fan de famuylje Fan Sytzama, dy't ûnder oaren de pleatslike Rinsmastate bewenne.