Springe nei ynhâld

Wapen fan Drachtster Kompenije

Ut Wikipedy
Wapen fan Drachtster Kompenije

It wapen fan Drachtster Kompenije is it wapen fan it doarp Drachtster Kompenije, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2002 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Loftsskeane fan blau en sulver: b. op'en nij loftskeane fan sulver en blau, it sulver belein mei trije reade lizzende blokken: in frijkertier, weagjend loftsskeane trochsnien fan read en goud, yn de foarm fan twa ôfkearde klaverblêden fan it iene yn it oare, utgeande fan de dielingsline.

De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), sulver, kiel (read) en goud.

  • Sulveren skeanbalke: symboal foar de wiken dy't yn en rûn it doarp groeven binne.
  • Reade turven: saneamde lange turf, de kleur read ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.
  • Frijkertier: ferwiist nei it koöperative karakter fan de kompenije dat de feanfjilden eksploitearre en letter de gearwurking fan pleatslike boeren. De klaverblêden jouwe lânbou oan. Dêr't it goud in ferwizing is nei de sângrûn en it read wer de heide foarstelt.