Springe nei ynhâld

Wapen fan Donkerbroek

Ut Wikipedy
Wapen fan Donkerbroek

It wapen fan Donkerbroek (Stellingwerfsk: woapen van Donkerbroek) is it wapen fan it doarp Donkerbroek, yn de Fryske gemeente Eaststellingwerf. It wapen waard yn 1980 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sinopel in keper fan goud, mei linksboppe de kop fan in raam fan sulver, en yn de skyldfoet in fjouwerkante skâns fan goud, it binnenmiddenfjild dêr fan is fan sinopel; de haadline fan it ferrin rinne parallel oan de boppekant fan it skyld; in skyldseam fan tsjinhermeline en in frijkertier fan sulver, mei dêr op in griffioen fan kiel, nei de linkerkant fan it skyld takeard, tusken de poaten in bal fan kiel mei dêr op in seispuntige stjer fan goud.

De blazoenearring fan it wapen yn it Stellingwerfsk is:

In sinopel (gruun) een keper van goold, mit linksboven de kop van een ram van zulver, en in de schildvoete een vierkaante schaans van goold, et bindermi'jveld d'r van is van sinopel (gruun); de heufdlijnen van et „beloop" lopen parallel an de bovenkaante van et schild; een schildzeum van tegenhermelijn en een vri'jkertier van zuiver, mit d'r op een griffioen van keel (rood), naor de linkerkaante van et schild toekeerd, tussen de poten een balie van keel (rood) mit d'r op een zespuntige steern van goold.


De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud, sulver en kiel (read).

  • Grien fjild: ferwiist nei de plaknamme. Donkerbroek betsjut "donker fean" of "ferheging yn in moeras".
  • Skyldseam: tsjinhermeline ferwiist nei mork dat yn de omrkiten fan it doarp op it fean groeide.
  • Skieppekop: ferwiist nei it agraryske karakter fan it doarp. Ek ferwiist it nei de Skieppedrift, in wei oanlein op in eardere dyk nei de heide.
  • Skâns: ferwiist nei de Breeberchskâns noardeastlik fan it doarp. Dizze skâns makke diel út fan de Fryske Wetterliny.
  • Griffioen: dit frijkertier toant it wapen fan Eaststellingwerf, de gemeente dêr't it doarp part fan is.