Wapen fan Doanjum
Appearance

It wapen fan Doanjum is it wapen fan it doarp Doanjum, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2002 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Loftsskeane; a. yn read trije sulveren leeljes; b. yn sulver trije reade roazen, knoppe fan goud en punte fan grien.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), sulver en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Skeane twadieling: oernommen út it wapen fan de KNKB.
- Roazen: oernommen út it wapen fan Frjentsjerteradiel. Ek ferwiist de roas nei it sosjalisme. De griene blêden fan de roazen ferwize nei it keatsen yn it doarp.
- Leelje: oernommen út it wapen fan de famylje Fan Goslinga. Dêrneist is de leelje symboal foar Marije, patroanhillige fan de Donatustsjerke fan Doanjum.
- It logo fan de KNKB.
- It wapen fan de famylje Fan Goslinga.