Wapen fan Doanjewerstâl

Ut Wikipedy
Doanjewerstâl

It gemeentewapen fan de gemeente Doanjewerstâl waard fêstlein op 25 maart 1818 en beskreaun as:
Fan goud beladen mei in reade earm, kommende fan de rjochterkant fan it skyld, hâldende yn de hân in omkearde wrâldkloat fan lazuer, wêrfan it krús swart is. It skyld is dekt mei in kroan fan goud.
De kroan hat trije blêden en 2 pearels.

De oarsprong fan it wapen is net bekend. Fergelykje ek Lemsterlân. Oant yn de 16e iuw hienen beide gritenijen faak deselde grytman.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes: