Springe nei ynhâld

Wapen fan Dedzjum

Ut Wikipedy
Wapen fan Dedzjum

It wapen fan Dedzjum is it wapen fan it doarp Dedzjum, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1969 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn grien fjouwer klaverblêden fan sulver, pleatst 1:2:1, mei in sulverene skyldhoeke, belein mei in read pompeblêd.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver en kiel (read).

  • Klaverblêden: ferwize nei de feehâlderij as in middel fan bestean.
  • Pompeblêd: ferwiist nei de eardere marren yn de omkriten fan it doarp.