Wapen fan De Westereen
Appearance
![]() Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen |
---|

It wapen fan De Westereen is it wapen fan it doarp De Westereen, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 1994 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Trochsneid troch in fersmelde dwersbalke fan sulver; I yn kiel twa pinningen fan goud; II yn sinopel in wurverspoel fan goud; en in hertskyld fan goud, belein mei in Merkuriushelm fan sabel.
De heraldyske kleuren binne: sulver (sulver), kiel (read), goud, sinopel (grien) en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Read fjild: symboal foar de eardere heiden yn de omkriten fan it doarp.
- Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp.
- Pinningen: ferwiist nei de wolfeart dy it doarp krigen hat.
- Hertskyld: de helm mei wjukken is in symboal fan Merkurius, de Romeinske god fan de hannel.
- Sulveren dwersbalke: ferwizing nei it wetter yn it doarp en it spoar.
- Wurverspoel: ferwiist nei de yndustry fan it doarp.