Springe nei ynhâld

Wapen fan De Houtigehage

Ut Wikipedy
Wapen fan De Houtigehage

It wapen fan De Houtigehage is it wapen fan it doarp De Houtigehage, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2001 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Trochsnien fan goud en read, oer alles hinne in útskuorde ikebeam mei fiif tûken mei trije blêden en toppe fan in ikel, de middelste tûke fan twa ikels; fan grien yn it goud en fan goud yn it read; de stam beselskippe fan twa takearde ôfsniene skieppekoppen fan sulver; in skyldrâne trochsnien fan grien en goud.

De heraldyske kleuren binne: goud, kiel (read) en sinopel (grien).

  • Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn dêr't it doarp op leit.
  • Read fjild: ferwiist nei de eardere heide yn de omkriten fan it doarp.
  • Ikebeam: oernommen oan it diel "houtigehage" fan de plaknamme. De ikebeam ferwiist nei de beammen yn de omkriten fan it doarp.
  • Skieppekoppen: ferwize nei it weidzjen fan de heide troch skiep.
  • Skyldrâne: ferwiist nei it diel "hage" fan de plaknamme. Dit betsjut smelle stripe lân.
  • Twadieling wapen: ferwiist nei de twa buorskippen dy't by it doarp hearre: Fianen en Luchtenfjild.