Springe nei ynhâld

Wapen fan De Himrik

Ut Wikipedy
Wapen fan De Himrik

It wapen fan De Himrik is it wapen fan it doarp De Himrik, yn de Fryske gemeente Opsterlân. It wapen waard yn 1996 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sinopel trije pealen fan sulver en in skyldhaad fan goud, belein mei in Sint-Andréaskrúske, oan beide siden beselskippe fan in lizzende turf, alles fan kiel.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), sulver, goud en kiel (read).

  • Gouden skyldhaad: ferwiist nei de sânrêge wêr't it doarp op ûntstien is.
  • Read Sint-Andréaskrúske: symboal foar Andréas, patroanhillige fan de Wite Tsjerke fan De Himrik.
  • Reade turven: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
  • Griene en sulveren peallen: ferbyldet it lânskip mei noard-súd rinnende stroken gêslannen en sleatten.