Springe nei ynhâld

Wapen fan De Gordyk

Ut Wikipedy
Wapen fan De Gordyk

It wapen fan De Gordyk is it wapen fan de flekke De Gordyk, yn de Fryske gemeente Opsterlân.

It wapen fan De Gordyk waard foar it earst al yn de 18e iuw brûkt, deselde tiid dat it doarp De Gordyk de grutste bloei trochmakke. Nei alle gedachten is it wapen ôflaat fan in famyljewapen, in soad famyljes yn de regio fan De Gordyk fiere in ferlykber wapen, mar dan de ikels sûnder blêden oan de stâlen. De famylje Fan Teyens fierde in wapen dêr't beide eleminten yn weromkomme, dy famylje hie ek besittingen op De Gordyk. Yn it famyljewapen hawwe de ikels gjin blêden en de ikels wiene yn dat wapen fan sinopel.

De blazoenearring fan it wapen is:

Ferdield: I yn goud in út de dielline kommende heale swarte earn; II yn swart trije pealsgewiis pleatste ikels mei elk in rjochtskean pleatste stâl en twa blêden, alles fan goud. It skyld dekt mei in gouden kroan fan trije blêden en twa pearels.

De heraldyske kleuren binne: sabel (swart) en goud. It wapen wurdt dekt troch in saneamde "flekke-kroan".

  • Fryske heale earn: de symbolyk fan de Fryske earn is ûnbekend. Wol komt de earn yn in soad wapens út Fryslân foar.
  • Ikels: ferwize nei de boskrike omkriten fan it plak. It swart ferwiist nei it fean yn de omkriten fan it plak en it goud ferwiist nei de winsten dy't út de feanterij helle waarden.
  • Kroan: in saneamde flekke-kroan, in kroan foar doarpen mei stedske karakters.