Springe nei ynhâld

Wapen fan De Gaastmar

Ut Wikipedy
Wapen fan De Gaastmar

It wapen fan De Gaastmar is it wapen fan it doarp De Gaastmar, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 1991 registrearre.

De blazoenearring fan it wapen is:

Yn sinopel in gouden iel, pleatst yn S-foarm, mei de sturt nei boppen en nei rjochts ûnder him trochgeande, en in frijkertier fan azuer, belein mei in leelje fan goud.

De heraldyske kleuren binne: sinopel (grien), goud en azuer (blau).

  • Iel: ferwiist nei de fiskerij fanút it doarp. De gouden kleur ferwiist nei de opbringsten fan de fiskerij.
  • Leelje: oernommen út it wapen fan Wymbritseradiel, de gritenij en gemeente dêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
  • Grien fjild: ferwiist nei de greiden yn de omkriten fan it doarp. De kleur grien is keazen om it wapen te ûnderskieden fan it wapen fan Heech.