Wapen fan De Feanhoop
Appearance

It wapen fan De Feanhoop is it wapen fan it doarp De Feanhoop, yn de Fryske gemeente Smellingerlân. It wapen waard yn 2015 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn blau in gouden skûtsje, boppe beselskippe fan in gouden klaverblêd en farrend op in skyldfoet, blokt fan swart en sulver yn fiif rijen fan fiif lizzende blokken.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, sabel (swart) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blau fjild: ferwiist nei it grutte tal wetters yn de omkriten fan it doarp.
- Skûtsje: ferwiist nei de SKS wedstrijden by De Feanhoop.
- Klaverblêden: ferwize nei de feehâlderij yn de omkriten fan it doarp.
- Blokte skyldfoet: oernommen út it wapen fan De Grutte Feanpolder yn Opsterlân en Smellingerlân. Dit ferwiist nei it diel "fean" fan de plaknamme.