Wapen fan De Falom
Appearance

It wapen fan De Falom is it wapen fan it doarp De Falom, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 2002 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Dielen fan goud en blau, oer alles hinne in weagjende keper fan blau yn it goud en fan sulver yn it blau, belein mei twa neist mekoar tawende fisken, pleatst yn de rjochting fan de keper, fan sulver yn it blau en fan blau yn it sulver; de keper yn it skyldhaad fan in blauwe sûkereiblom en in sulveren pinning, en yn de skyldfoet fan in turf fan blau yn it goud en fan sulver yn it blau.
De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit.
- Keper: ferwiist nei de falom dy't yn De Falom wie. Troch it graven fan de Falomster Feart foar de wetterôffoer kaam it gebiet lykwols ek yn oanrekking mei sâlt wetter. De falom waard pleatst om it sâlte wetter en it swiete wetter skieden te hâlden. Dit is ek te sjen yn de twadieling fan de keper.
- Fisken: ferwize nei it belang fan de fiskerij.
- Turf: ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp.
- Sûkereiblom: ferwiist nei de ferbou fan sûkerei.
- Pinning: ferwiist sawol nei it tolhûs as nei de herberch.