Wapen fan Dantumawâld
Appearance

It wapen fan Dantumawâld is it wapen eardere doarp (no part fan Damwâld) Dantumawâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen wurdt no brûkt troch de Feriening fan Doarpsbelangen wyk Dantumawâld. It wapen waard yn 1996 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in ferhege griene skyldfoet, belein mei in goudene opbûgde skyldfoet, oerlein mei in reade foksekop; yn it goud steande op de snijline trije reade boargen, iepene en ferlichte fan it fjild, de lofter boarch toppe troch in grien elzeblêd.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien) en kiel (read).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Trije boargen: stie foar de trije eardere doarpen dy't Damwâld foarmje: Ikkerwâld, Moarrewâld en Dantumawâld.
- Elzeblêd: jout oan dat Dantumawâld it meast eastlike doarp is fan de trije. Ek ferwiist it blêd nei it part "wâld" fan de plaknamme.
- Gouden skyldfoet: ferwiist nei de deksânrêge wêr't it doarp op leit.
- Foksekop: ferwiist nei it grutte oantal foksen dy't yn de omrkiten foarkomme. Ek is de foks oernommen út it wapen fan Dantumadiel.