Wapen fan Burgum
Appearance

It wapen fan Burgum is it wapen fan it doarp Burgum, yn de Fryske gemeente Tytsjerksteradiel. It wapen waard yn 1984 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in krús fan blau, mei yn it hert fan it krús in fisk fan sulver; yn it earste kertier in jachthoarn fan swart mei in reade koarde, yn it twadde kertier in út'e grûn skuorde beam fan grien.
De heraldyske kleuren binne: azuer (blau), goud, kiel (read), sinopel (grien), sabel (swart) en sulver.
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Hoarn: oernommen út de wapens fan wichtige famyljes út it doarp.
- Beam: ferwiist nei de beamrike omkriten fan it doarp.
- Blau krús: ferwiist nei it Berchkleaster en nei de lizzing fan it doarp oan in krusing fan wetterwegen.
- Fisk: ferwiist nei de fiskerij fanút it doarp en it is in symboal foar Kristus.