Wapen fan Broeksterwâld

It wapen fan Broeksterwâld is it wapen fan it doarp Broeksterwâld, yn de Fryske gemeente Dantumadiel. It wapen waard yn 2002 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in út de ûnderrâne fan it skyld opriizende, stilearre elzebeam mei fiif blêdden, twa oan beide siden fan de stam en ien op de top; tusken de ûnderste blêdden, oan beide siden fan de stam, in takke mei twa saneamde moaltriedkatsjes en tusken de boppeste blêdden en oan beide siden fan it boppeste blêd, in takke mei trije joadeprommen, alles fan grien; de beam yn de skyldhoeken beselskippe fan in blauwe sûkereiblom; in weagjende skyldfoet fan seis weagjende stikken fan swart, goud, blau, goud, swart en goud, wêrby de swarte balken oer de griene stam gie en de oare blaken achter de stam lâns gie.
De heraldyske kleuren binne: goud, sinopel (grien), azuer (blau) en sabel (swart).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Gouden fjild: ferwiist nei de sângrûn wêr't it doarp op leit.
- Elzebeam: sawol de grauwe elzebeam en de swarte elzebeam komme in soad foar in de omkriten fan it doarp. Dizze beam ferwiist nei it diel "wâld" yn de plaknamme.
- Skyldfoet: de kleur swart ferwiist nei de feanterij yn de omkriten fan it doarp. De kleur blau ferwiist nei de Broekster Feart. De weagen ferwize nei it diel "broek" yn de plaknamme, wat sompige grûn betsjut.
- Sûkereiblom: ferwiist op de ferbou fan sûkerei.