Wapen fan Britswert
Appearance

It wapen fan Britswert is it wapen fan it doarp Britswert, yn de Fryske gemeente Súdwest-Fryslân. It wapen waard yn 2001 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Dield: I. read, mei yn de boppeste helte fan it skyld in gouden anker; II. blau, mei yn de boppeste helte fan it skyld in gouden leelje; yn de ûnderste helte fan it skyld in út de skyldfoet opriizende gouden terp, yn de skyldfoet wulvjend iepene fan it fjild en hjiryn oer alles hinne in gouden klaver.
De heraldyske kleuren binne: kiel (read), goud en azuer (blau).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Reade fjild: ferwiist nei it lân en de skipsbou by it doarp.
- Blau fjild: ferwiist nei it wetter fan it eardere Britswertermar, yn 1855 ynpoldere.
- Gouden terp: ferwiist nei it diel "wert" fan de plaknamme wat terp betsjut. De iepening lit it ek op in brêge lykje wat ferwiist nei it part "brits" fan de plaknamme.
- Klaverblêd: ferwiist nei de feehâlderij en de greiden yn de omrkiten fan it doarp.
- Leelje: de leelje komt foar oan de râne fan it eardere Britswertermar.
- Anker: ferwiist nei de skipsbou.