Wapen fan Boer
Appearance

It wapen fan Boer is it wapen fan it doarp Boer, yn de Fryske gemeente De Waadhoeke. It wapen waard yn 2005 registrearre.
Beskriuwing
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De blazoenearring fan it wapen is:
Yn goud in blauwe weagjende skeanbalke, belein mei in sulveren ielstekker; de weagjende skeanbalke boppe beselskippe fan in reade roas en ûnder fan in griene klaver.
De heraldyske kleuren binne: goud, azuer (blau), sulver, kiel (read) en sinopel (grien).
Symbolyk
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- Blauwe skeanbalke: ferbyldet it wetter De Rie, dêr't it doarp oan leit.
- Roas: oernommen út it wapen fan Frjentsjerteradiel, de gritenij en gemeente wêr't it doarp eartiidsk part fan wie.
- Klaverblêd: synboal foar it agraryske karakter fan it doarp.
- Ielstekker (Elger): ferwiist nei de famylje Elgersma, dy't in state by it doarp bewenne. Ek stiet de Ielstekker foar it fiskjen op Iel yn De Rie.
- Kleurstelling: oernommen út it âlde wapen fan Frjentsjerteradiel.